Fryske Beweging wer libbensliif warber

No’t it derop liket dat de koroanaweach wat belunet, is it foar it Deistich Bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging lang om let mooglik om wer in tal aktiviteiten op priemmen te setten dy’t – as it heal kin – libbensliif plakhawwe. Dat docht bliken út syn lêste nijsbrief. Foar in breed publyk ornearre is op 27 novimber de Fedde Schurerlêzing, mei diskear trije sprekkers oer ‘Kneppelfreed 70 jier’: Sigrid Hemels, heechlearaar oan de Erasmus Universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer-sjoernalist Abe de Vries.

Al earder, yn oktober, wurdt nei twa jier fannijs in (fysike) gearkomste foar it folsleine bestjoer, mei alle oansletten organisaasjes, organisearre. Wichtige te bepraten ûnderwerpen sille nei alle gedachten wêze it Deltaplan foar It Noarden – mei in nije spoarferbining nei de Rânestêd en grutskalige wenningbou – en de mooglikheden foar juridyske aksje om it Frysk op skoalle syn gerak krije te litten.

Allyksa yn oktober sil de foarsitter ôfreizgje nei in ynternasjonaal kongres oer taalbelied yn Switserlân. Yn septimber wie de Ried ek al oanwêzich by in kongres yn Triëst (Italië) fan de Federal Union of European Nationalities. Hâld foar mear ynformaasje oer al dy aktiviteiten It Nijs yn ’e gaten.

De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan sân Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen lei yn totaal op mear as €3.700,-.

Sutelaksje-koördinator Ferdinand de Jong is optein: “Wy binne hiel bliid dat der nei in ferlern jier wer sutele wurde kin. Foar it skreaune Frysk en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde by jo oan ‘e doar brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.”

Foarsitter Rennie Niezink fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert wie bliid mei de opbringst: “Wy hawwe takom jier ús 125-jierrich jubileum, dat dan is dit in hiele moaie ynstruier foar de feestpot.”

Foar Annieke Voogd, bestjoerslid streekharmony Concordia yn Balk, wie it alwer de tredde kear dat sy in Sutelaksje organisearren: “De Sutekaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”
De earstfolgjende Sutelaksjes steane pland op 25 septimber yn Terwispel, 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober yn De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea en 20 oktober yn Easterwierrum.

Frijwilligers Rennie Niezink, Zwaan Schiphof en Harmke Bylsma (flnr) yn Kimswert op paad foar de keatsferiening. Foto: Jacob van Essen

Doch mei!

De Sutelaksje fan Boeken fan Fryslân bringt it Fryske boek hûs oan hûs rûnom yn Fryslân. Ferieningen dy’t in Sutelaksje organisearje, krije 25% fan de omset yn harren klupkas stoart. Oanmelde kin fia www.boekenfanfryslan.frl.

Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek troch de promoasje en organisaasje fan ferskate projekten en aktiviteiten.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!

Fryske Foarlêswike Selskip fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober

Yn de lêste wike fan septimber sille goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 nije Tomkeboekjes mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlden mei nei hûs krije. Foar it earst hawwe mear as 400 lokaasjes harren oanmeld foar de Foarlêswike. Ek ûngefear 250 gastâlden sille meidwaan.

Tomkeboekjes yn it Frysk, Biltsk en Stellingwerfsk.

It nije Tomkeboekje ‘Tiid foar Tomke!’ is in spesjaal jubileumboekje, nammentlik nr. 25. It boekje stiet wer fol mei ferhaaltsjes en ferskes en der sit in jubileumspultsje by. Foar de 10e kear komt it Tomkeboekje ek wer út yn it Biltsk. Sa kinne de pjutten op it Bilt ek foarlêzen wurde yn harren eigen taal. Alle jierren ferskine der ek Tomkeboekjes yn it Stellingwerfsk.

Keimpe de Krokodil
Neist it Tomkeboekje is der yn de biblioteken noch in kadoke te finen. It twadde Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlden en learkrêften) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Yn it Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ steane ferhaaltsjes om foar te lêzen en ek foar begjinnende lêzers om sels te lêzen. Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen, en hielendal net yngewikkeld.

Tomke sit klear foar de Fryske Foarlêswike

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep/Afûk. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Foarstelling: Vader en Zoon

Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon. No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifekrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifekrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?

Seis skriuwers (Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman) skreaunen nije teksten. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Coltof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten. Vader en Zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. It is in humoristyske, oandwaanlike en soms pynlike teaterdialooch. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte.

tekst: Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman
spul: Joop Wittermans, Mads Wittermans
regy: Liesbeth Coltof
dramaturgy: Jan Veldman
foarmjouwing: Guus van Geffen
kostúms: Mathilde van der Hoop
Vader en zoon is foar it grutste part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk. De foarstelling is in ko-produksje fan Tryater en Theater Producties Wittermans.



Webinar: Welcome back to the Multilingual Classroom!

Op 15 septimber is der in ynteraktive webinar fan it projekt VirtuLApp. De webinar is der foar elk dy’t nijsgjirrich is nei lesjaan en de meartalige klasse.

  • Learkrêften sille harren ûnderfining mei de meartalige klasse diele,;
  • middels om learkrêften te stypjen sil taljochten wurde;
  • de meartalige game BabelAR sil demonstrearre en taljochten wurde

De webinar hat online plak op woansdei 15 septimber, fan 15:00 oant 17:00 oere. De fiertaal is Ingelsk en opjefte is fergees.

VirtuLApp is in projekt om dosinten de kennis en middels te jaan om meartaligens wolkom te hjitten op de basisskoalle. It wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderbrocht is by de Fryske Akademy.

Sjoch op de webside fan VirtuLApp foar mear ynformaasje oer it projekt en om dy op te jaan foar de webinar.

Kursussen Frysk fan de Afûk sette wer útein

Koroana sette it ôfrûne kursusjier in streek troch de plande kursussen Frysk fan de Afûk. Gewoanwei ferwolkommet de organisaasje rûchwei 1000 kursisten jiers. It grutste part dêrfan folget ien fan de groepskursussen dy’t op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje hinne organisearre wurde. Dat wie it ôfrûne jier net of mar beheind mooglik. Fan ein septimber ôf set de Afûk lykwols wer útein mei in nij kursusjier.

Troch koroana ferrûn it ôfrûne kursusjier oars as oars foar de Afûk. Benammen foar de groepskursussen op lokaasje hiene de koroanamaatregels konsekwinsjes. Kursussen moasten ôfsein of útsteld wurde of op in oanpaste wize jûn wurde. Sa waard de mooglikheid om online in kursus te folgjen oan it kursusoanbod tafoege. Foar it kommende kursusseizoen lykje de stjerren geunstich te stean. De Afûk giet derfan út de kommende perioade syn kursisten, mei ynachtnimming fan de dan jildende koroanamaatregels, (ek) wer ‘gewoan’ yn groepen op lokaasje ferwolkomje te kinnen.

Njonken it besteande, brede oanbod fan kursussen − yn groepsferbân of skriftlik – om it Frysk ferstean, praten en skriuwen te learen, bliuwt it ek mooglik om online in kursus Frysk skriuwen of Frysk ferstean te folgjen. Foar minsken dy’t, om hokker reden dan ek, net yn in groep op lokaasje dielnimme kinne of wolle, is dat in hiel moaie manier om dochs mei in groep en ûnder begelieding fan in dosint in kursus te folgjen.

© foto Hoge Noorden / Jacob van Essen

Mear ynformaasje oer it kursusoanbod fan de Afûk is te finen op de website www.kursus.afuk.frl.

Undersyk oer taalgebrûk Nederlân

Undersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) lit sjen dat likernôch in kwart fan de minsken yn Nederlân thús it meast in oare taal as it Nederlânsk praat. Sa’n 10% fan de minsken praat thús in regionale taal en 5% fan de minsken praat in dialekt thús.

Yn Fryslân praat 40% benammen Frysk thús, yn Limboarch is dat 48%. It Nedersaksysk wurdt yn Drinte troch 31% thús praat, yn Grins troch 26% en yn Oerisel troch 24%. It Frysk en it Limboarchsk wurde ek bûtendoar in soad brûkt, lykas op it wurk, op skoalle, by offisjele ynstânsjes (bygelyks it gemeentehûs of sikehûs), yn winkels of hoareka of mei buorlju en freonen.

Far mear ynformaasje kinne jo nei it oersjoch en it folsleine ûndersyk sjen.
Omrop Fryslân hat omtinken jûn oan it ûndersyk mei heechlearaar Goffe Jensma en deputearre Sietske Poepjes.

‘Noas tsjin ‘t glês’ – nije dichtbondel fan Edwin de Groot

By de Afûk is ferskynd de nije dichtbondel Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (1963, It Hearrenfean). Yn Noas tsjin ’t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat.

De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:
De wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend
soe al noflik wêze en troaikjend
ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as in Ingelske wals (./..) út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskiplike ûntjouwingen. Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.


Noas tsjin ’t glês is te ferkijen foar €17,50.

Hålilönj

Åål trii iir drååwe jam da frasche üt Nord-, Ååst- än Weestfraschlönj aw Hålilönj tu et tradisjonäl Friesendroapen Iip Lun. Näist iir as et wi süwid, uk e termiin stoont ål fååst: Foon e 20ste bit 22ste önj e krölemoune schal et spektookel stää fine. Ütruchter as e nordfrasch seksjoon foon e Frasche Rädj, sü dåt e nordfrasche bait program ordi wat masnååke koone. Huum frååge unti uk tips aw harten heet, di koon ham bai e Frasche Rädj önj Bräist malde.

Friesendroapen 2019 – Foto Angela Dekens

Helgolân

Al trije jier treffe jimme de friezen út Noard, East en Westfryslân op Helgolân op it tradysjonele Friesendroapen. Takom jier is it wer safier, ek de dagen stean al fêst: fan de 20ste oant de 22ste yn de blommemoanne sil it spektakel plakhawwe. Organisator is de Noardfryske seksje fan de Fryske Ried, dat de Noardfriezen kinne meiprate yn de opset fan it program. Fragen of tips binne wolkom en kinne stjoerd wurde nei de Frasche Rädj yn Bräist, Dútslân