Harrie Wolters kreg eerste exemplaar van Grafgift, de neie Drentse thriller van Anne Doornbos

In de filmzaal van het Hunebedcentrum in Börger was gisteraovend de boekprissentatie van Grafgift. Een kleine vieftig man zit in de zaal. Anne Doornbos gef het eerste exemplaar an de directeur van het Hunebedcentrum, Harrie Wolters, umreden e belangriek west hef veur de inhold van Grafgift. Doornbos mag geern personages in zien boek een naam geven die an bestaonde personen linkt is. Zo hef Harrie Wolters in het boek de naam Jozef Oosting kregen.

Foto vlnr: Anne Doornbos en Harrie Wolters. Bron: Huus van de Taol

In de darde Drentse thriller oet de Inspecteur Freek Rossing-reeks vindt een gezin oet Spijkenisse under de dikke vlinten van hunebed D26 bij Drouwen het lichaam van een jonge vrouw. Zij is umringd deur diggelgoed; potties en bekers zoas het Trechterbekervolk die metgaf an heur doden. Der bint bijkaans gien sporen en Freek Rossing stiet veur ien van de grootste oetdagings oet zien loopbaan. En twei dagen later zal e met zien femilie op vekaansie.

Grafgift is een verhaal dat niet allent giet over het speurwark naor de daoder, maor ok over breuken carrières, vernedering, bezetenheid en schaamte.

Anne Doornbos (Erica, 1948) schref proza, poëzie, teniel- en liedteksten, veulal in het Drents. In 2018 verscheen zien eerste Drentstaolige thriller, De Paddenvanger, waormet e de Streektaolpries wun. In 2021 volgde een tweide thriller, De man die Russisch preut.  Grafgift hef 376 pagina’s en kost € 19,95. Het is te koop in de winkel van het Huus van de Taol in Beilen, bij de boekhandel en op www.huusvandetaol.nl/webshop

Rekôrtal skoallen docht mei oan it Frysk diktee!

Op tiisdei 4 april wurdt wer it jierlikse Lyts Frysk Diktee holden foar bern út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Sa’n 750 bern fan 38 skoallen hawwe meidien oan de foarseleksje. Dêr dogge diskear 50 bern fan mei oan ‘e finale. Wiene der ferline jier noch 16 skoallen dy’t bern opjoegen, dit jier is dat mear as ferdûbele. It diktee wurdt lykas wenst wer ôfnommen yn de Steateseal fan provinsje Fryslân.  

De tekst foar it diktee is fan ‘t jier skreaun troch Tialda Hoogeveen, de berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Tialda is as skriuwer bekend fan boeken as Abe en de Aardichman, Maia en har freonen en Wurden fan Timo.  

Tialda Hoogeveen. Foto: Natalia Balanina.

Organisaasje 
It Lyts Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin, Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy.  

Fan ‘t jier wurdt it Grut Frysk Diktee ek wer holden. Dat is op tiisdei 23 maaie, de kwalifikaasje foar dat diktee set meikoarten útein. 

DINGtiid-lêzing 2023 ‘It takes two to tango – Lear ús dûnsjen’

It Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden is 25 jier yn wurking. Is dat driuwsân of in dûnsflier? Dy fraach stie sintraal op de DINGtiid-lêzing fan 2022. Konklúzje: der kin seker dûnse wurde, mar ‘it takes two to tango’.

DINGtiid nûget jo út foar de DINGtiid-lêzing ‘It takes two to tango – Lear ús te dûnsjen’ op 13 april 2023 yn Den Haach. Tiny Kox en Heinrich Winter nimme jo graach mei de dûnsflier op.

Parlemintsfoarsitter Tiny Kox oer it Europeesk Hânfest
Limboarcher Tiny Kox (parlemintsfoarsitter fan de Ried fan Europa en lid fan de Earste Keamer foar de SP) sil fanút syn ûnderfining fertelle oer 25 jier Europeesk Hânfêst. Wat is der berikt, en hoe kinne de oanbefellings fan de Ried fan Europa noch effektiver omset wurde yn wetjouwing en belied foar it Frysk, Nedersaksysk, Limboarchs, Jiddysk, Romani, Papiamintsk en Nederlânske gebeartetaal?

Bestjoerskundige Heinrich Winter oer de tapassing fan in Lokaal Hânfêst
Heinrich Winter is heechlearaar bestjoerskunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Op de DINGtiid-lêzing fan 2022 analysearre hy de takomstbestindigens fan it Europeesk Hânfêst, en die er it foarstel om ta in Lokaal Hânfêst te kommen. Yn Den Haach sil hy syn fyzje jaan op hoe’t oerheden yn Fryslân mei de ynwenners ta sa’n hânfêst komme kinne om de ambysjes fan de Fryske taal en kultuer fêst te lizzen. Dat tinkproses kin boppedat tsjinje as foarbyld foar oare erkende talen fan it Europeesk Hânfêst.

Programma
De DINGtiid-lêzing fynt plak op tongersdei 13 april 2023 yn The Hague Conference Centre – New Babylon (Anna van Buerenplein 29, Den Haach). Om 15.00 oere sette wy útein mei kofje en tee. Om 17.00 oere slute wy ôf mei in drankje en flaubyt.

Oanmelde
Wy sjogge jo oanmelding graach foar tongersdei 6 april 2023 yn ‘e mjitte fia it online oanmeldformulier.

‘Pinkeltje in Friesland’ no ek yn it Frysk

Nei ûnder oaren de Efteling, Diergaarde Blijdorp, Texel, it Dolfinarium, it Spoorwegmuseum en it Rijksmuseum wie it ferline jier tiid foar Pinkeltje om ôf te reizgjen nei Fryslân: Pinkeltje in Friesland. It boek fan Studio Dick Laan is no troch Ytsje Steen oersetten nei it Frysk en okkerdeis by útjouwerij Afûk ferskynd ûnder de titel Pinkeltsje yn Fryslân. Pinkeltsje belibbet net allinne in spannend aventoer, mar komt ûnderweis ek fan alles te witten oer ferskillende Fryske stêden, lykas Ljouwert, Snits, Frjentsjer en Dokkum.

Ynhâld
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân?

It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân – mar se binne net de iennichsten mei dy missy…

Boekgegevens
Pinkeltsje yn Fryslân
Auteur: Studio Dick Laan
Oersetting: Ytsje Steen
Utfiering: ynbûn ISBN: 978 949 3159990
Tal siden: 144
Ferkeappriis: € 13,99
www.afuk.frl

Lampje giet no ek as Lampke troch it libben

By útjouwerij Afûk is de Fryske oersetting fan Lampje, it populêre berneboek fan Annet Schaap, ferskynd. De bysûndere dochter fan de fjoertoerwachter hjit yn it Frysk Lampke. De Fryske oersetting fan it boek is makke troch Rymke Zijlstra.

‘Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.’

– Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur

Lampje ferskynde yn 2017 en waard yn 2018 bekroand mei de Gouden Griffel, de Woutertje Pieterse Prijs en de Nienke van Hichtum-prijs. Maas Theater/Dans makke der in muzykteäterfoarstelling fan en by de VPRO ferskynde koartlyn noch de fjouwerdielige searje Lampje.

Ynhâld
Dit is in ferhaal oer de see. Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr’t se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy’t alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest.

Boekgegevens
Lampke
Auteur: Annet Schaap
Oersetting: Rymke Zijlstra
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 3318021
Tal siden: 328
Ferkeappriis: € 19,99
www.afuk.frl

Nije roman: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf

By de Afûk is ferskynd: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf. De beide haadpersoanen út it boek Bûtenman en Bûtenfrou, Emine en Einte, dy’t elkoar troffen yn Istanbûl, op ’e flecht foar har ferline, binne ek de haadpersoanen yn dizze nije aktuele leafdesroman.

Emine wit dat Einte like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis. Dit is it relaas fan in wûndere leafde – yn in boek dat ek prima te lêzen is foar wa’t Bûtenman & Bûtenfrou net ken.

Oer de auteur
Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hied er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013) en It sinfol bestean (2017).

Presintaasje
De presintaasje hat plak op sneon 11 maart om 15.00 oere yn it pop-up kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert. Nei in koarte yntroduksje troch de skriuwer sil Tet Rozendal in tal lietteksten dy’t ûnderdiel binne fan de roman foardrage, Jaap Louwes soarget foar de muzyk.

Boekgegevens
De wûndere leafde fan Emine en Einte
Auteur: Willem Verf
Utfiering: paperback
ISBN: 978 94 93159 43 3
Tal siden: 344
Ferkeappriis: € 26,50
websjop.afuk.frl

Folgje alles oer de ferkiezingen by Omrop Fryslân

Mei it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân elkenien as earste op ’e hichte oer de Provinsjale Steateferkiezingen fan 15 maart. De útslaggejûn is live te folgjen by Omrop Fryslân, mei prognoazes, útslaggen en analyzes.

Yn de oanrin nei de ferkiezingen jout Omrop Fryslân yn ferskate programma’s omtinken oan de ferkiezingen.

Debatten yn It Polytburo

Fan 6 oant en mei 10 maart ûntfange Andries Bakker en Eric Ennema yn de studio fan It Polytburo tal fan politike gasten. Listlûkers fan alle partijen skowe oan en debattearje oer ûnderwerpen dy’t op it stuit spylje. Tink oan de Lelyline, lânbou en stikstof, wynmûnen, iepenbier ferfier en de Fryske taal en identiteit. De debatten yn It Polytburo binne jûns fan 17.30 oere oant 18.00 oere live te sjen by Omrop Fryslân.

Ferkiezingsdei

Op 15 maart, de dei fan de ferkiezingen, sit Omrop Fryslân derboppe-op. De hiele dei is alles te folgjen yn in liveblog op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Live út it Provinsjehûs yn Ljouwert folget Omrop Fryslân it tellen fan de stimmen, de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzes. Fryslân Kiest set om 20.00 oere útein, de presintaasje leit yn hannen fan Andries Bakker en Jan Dirk de Haan. De dei nei de ferkiezingen is ek alles te folgjen yn in liveblog mei ûnder oare mear reaksjes en fierdere útslaggen.

Fryslân Kiest – Foto: Omrop Fryslân

Fryslân Kiest is in programma yn gearwurking mei RTV NOF. It programma is op 15 maart fan 20.00 oere oant 01.00 oere op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

Reizgje mei it FYK nei Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden

Fan 31 maart oant 6/7 april kinsto mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!

Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferieining foar Burgenlandkroaten yn Eastenryk.

Aktiviteiten

De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroaten, de Hongaarske minderheid en de Roma mienskip. Sadwaande hat it wol 4 nammen: Oberwart, Borta, Felsőőr en Erba. Op ekskurzje silst mear leare oer de Burgenlandkroaten.

Yn de wike bist foaral dwaande wêze mei de workshop, dêr’tst diskusjearje silst oer tradysjes en wat it betsjut om part te fielen fan in taalminderheidsmienskip.

Op 6 april hat de algemiene ledegearkomste (general assembly) plak fan it YEN. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, reizgje op 6 april nei hûs.

Kosten & opjefte

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkommodaasje, programma en iten) is €100,-

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 11 maart.

FYK & YEN

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl 

Roel Reijntjes-lezing in restaurant Luning in Rune

Op zundagmiddag 19 meert dreit het in restaurant Luning an de Brink in Rune um het wark en leven van Roel Reijntjes. Um 14:00 begunt der een pregram van veurdrachten en een kleine rondleiding deur het dörp.

Schriever Roel Reijntjes is honderd jaor leden geboren en twintig jaor leden oet de tied kommen. Hij woonde in Beilen, maor ien van zien mooiste gedichten giet over Rune. Daorum hef de organisatie keuzen veur een Roel Reijntjes-lezing in Rune.

Literatuurkenner Henk Nijkeuter, schriever en muzikant Erik Harteveld en streektaolambassadeur Ans Klok vertelt over het leven en de schrieverij van Roel Reijntjes. Dizze lezing is de darde die heurt bij de Underweg-reeks, een neie Drentse literaire wandelserie. De schrievers hiervan, Gerrit Boer en Henk Berghuis, praot over het belang van en het idee achter de literaire wandelserie. Publiek is van harte welkom bij de Roel Reijntjes-lezing. De entree is € 7,50. Kaorten kunt risserveerd worden via www.huusvandetaol.nl/product/roel-reijntjes-lezing

Warkwinkeldag liedtiesschrieven met Jan Tekstra!

Op 19 maart ankommen organiseert Stichting REUR een warkwinkel -liedtiesschrieven- in het kader van het Drèents Liedtiesfestival 2023. De warkwinkel zal verzörgd worden deur gienien minder as de succesvolle liedtiesschriever Jan Tekstra.

Jan schreef under aanderen de hits ‘Je hoeft niet naar huis vannacht’ en ‘Vrij Zijn’ van Marco Borsato. Veur hum schreef e ok de tekst en meziek veur de hit ‘Het Water’. In 2014 har e as tekstschriever weer een nummer 1-hit: Mooie Dag (Jay Jawson), een paar jaor later volgd deur de nummer 1-hit ‘Ze huilt maar ze lacht’ van Maan.

Wieder schreef/schrif Jan untelbare nummers veur bezunder veul Nederlaandse artiesten, waorunder Tabitha, Roxeanne Hazes, Dre Hazes JR, Merol, Herman Brood en Liesbeth List.

Drèents Liedtiesfestival

Anmelden en infermatie:

Veur dielname an de warkwinkeldag kuj je anmelden via de webstee van Stichting REUR: https://www.stichtingreur.nl/nl/dlf/workshopdag-songwriting-jan-tekstra

Kosten veur dielname bint € 20,- (incl. koffie/thee) Locatie: Podium 34, Hoofdstraat 34, 9531 AG Borger