Oanbieding opbringst Fryske oersetting Oekraynsk berneboek oan UNICEF

Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin fan de oarloch, is it boek hast útferkocht en koe de sjek fan € 3.500,- oanbean wurde.

Oanbieding opbringst

De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. “Ik bin der as ambassadeur fan Unicef hiel wiis mei dat Tialda Hoogeveen dit inisjatyf naam hat en dat sy har as berneboeke-ambassadeur foar alle bern ynset. De fantastyske opbringst fan it boek Maia en har freonen giet nei de bern út Oekraïne dy’t Unicef û.o. stipet mei School-in-a-box. Dêr sit lesmateriaal yn dat in learaar nedich hat foar in klasse mei 40 bern.”

De sjek waard oanbean yn it bywêzen fan de direksje en bern fan C.B.S. Nijdjip, O.B.S. De Twa Fisken en de Oekraynske groepen dy’t op dizze skoallen yn Grou harren plakje krigen hawwe. Ineke Klappe, direkteur fan de Oekraynske klassen is bliid mei de wize wêrop’t de Oekraynske bern yn Grou opfongen wurde.

De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. Foto: Boeken fan Fryslân

Maia en har freonen

It boek Maia en har freonen fan Larysa Denysenko giet oer Maia en har klasgenoaten en al harren famyljes, dy’t op ferskillende wizen gearstald binne. It sintrale tema is dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dat it belangrykste is dat je fan inoar hâlde en inoar respektearje.

Utjouwer Liliia Omelianenko, fan it oarspronklike boek, liet witte dat it boek yn sân talen oersetten is en dat it al mear as € 60.000,- opsmiten hat foar UNICEF Oekraïne, foar de bern dy’t slachtoffer binne fan de oarloch.

Boekgegevens

  • Titel: Maia en har freonen
  • Auteur: Larysa Denysenko
  • Yllustrator: Masha Foya Oersetting: Tialda Hoogeveen
  • Utjouwer: Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei de Fryske útjouwers
  • ISBN: 978-94-93159-84-6
  • Ynbûn, 66 siden
  • Priis: € 10,-

Jaorboek Nedersaksisch 3 (2022): pas verschenen

Haost alle lezings op et Nedersaksisch symposium van 16 september 2022 in De Nieuwe Kolk in Assen bin bi’j mekeer brocht in et ni’jste Jaorboek Nedersaksisch. Et is pas verschenen, en dat is gebeurd bi’j Stichting Sasland, in saemenwarking mit Pumbo in Zwaag.

Bi’jdregen

  • Grunninger schriefster Ingeborg Nienhuis
  • Stellingwarver dichter Willem Jan Teijema 
  • Twents dichter en historikus Dick Schlüter 
  • Aachterhoeker auteur Joop Hekkelman 
  • Onderzuker van de Nedersaksische streektaelen in Overiessel en in die rolle verbunnen an de Overiesselakedemie in Zwolle Harrie Scholtmeijer 
  • Pensioneerd projektleider streektael an de Iesselakedemie in Zwolle Philomène Bloemhoff 
  • Archeoloog en senior-onderzuker laandschop Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed Bert Groenewoudt 
  • Docent en promovendus bi’j Vergeliekende Religiewetenschoppen an de Radboud Universiteit in Ni’jmegen Arjan Sterken
  • Pensioneerd hogeschoeleheufddocent (Hogeschool Utrecht) Jan Nijen Twilhaar 
  • Pensioneerd hogeschoeleheufddocent Nederlaans (NHL Stenden Hogeschool) en eerder onder meer taelkundige veur et Stellingwarfs Henk Bloemhoff 
  • Heufd ofdieling kollekties en pebliek bi’j et Drents Archief, Rieksarchivaris in Drenthe en gemientearchivaris van Assen Henk Nijkeuter

Technische gegevens

Jaorboek Nedersaksisch 3 (2022), groot fermaot, 133 pp., pries € 38,50.

Et boek kan besteld wodden op boekenbestellen.nl, mar ok bi’j de plaetselike boekwinkel en via bol.com.

Streektaolstried

In aal meer dörpen in Drenthe kunt inwoners metdoen an een Streektaolstried. Dizze Drentse variant van de pubquiz is in het Drents vanzölf. In acht rondes met elke keer acht vraogen wordt je kennis van het Drents en van zaken die van doen hebt met Drenthe test. Elkenien kan metandoen aj een team van veer of vief man hebt.

Hierunder een overzicht:

  • 24 meert Het Kompas – Op De Smilde
  • 24 meert Hingstman – Zeijen
  • 29 meert MFA De Brink – Slien
  • 31 meert Markehuus – Grol
  • 31 meert Onder de Linden – Roon
  • 14 april ’t Anker – Hollaandscheveld
Foto: Huus van de Taol

Streektaolstried Midden-Drenthe

  • Vrijdag 24 meert
  • Het Kompas op De Smilde
  • Anvang: 20.00 uur (inloop vanof 19.30 uur)

Anmelden kan veur maondag 19 meert bij Geert Woldman: gwoldman @ xs4all.nl.

Streektaolstried Zeijen

  • Vrijdag 24 meert
  • Café Hingstman in Zeijen
  • Anvang: 20.00 uur

Anmelden kan veur maondag 19 meert bij Alie Homan:
hahoman @ hotmail.com/ 0592-542608 / 06-23304774

Der kunt 25 teams metdoen en vol = vol.

Streektaolstried Slien

  • Woensdag 29 meert
  • MFA De Brink in Slien
  • Anvang: 20.00 uur

Kiek ok op: streekeigensleen.nl

Streektaolstried Grol

  • vrijdag 31 meert
  • Het Markehuis in Grol
  • Anvang: 20.00 uur (inloop vanof 19.30 uur)

Woj metandoen? Meld je dan an bij: jghartlief @ ziggo.nl (06-46325905) of roelie @ pattyjoris.nl (06-14967724).

Streektaolstried Roon

  • Vrijdag 31 meert
  • Onder de Linden in Roon
  • Anvang: 20.00 uur

Woj metandoen? Mail dan naor sachakraan @ stwin.nl of kiek op www.welzijnnoordenveld.nl

Drentse Pubquiz in Hollaandscheveld

  • Vrijdag 14 april
  • Dorpscentrum ‘t Anker in Hollaandscheveld.
  • Anvang: 19.30 uur (inloop vanof 19.00 uur)
    Kosten: € 2,50 p.p.

Dizze quiz is een samenwarking tussen ‘t Anker en de streektaolvrijwilligers van het Huus van de Taol. Opgeven kan via ankeraanmeldingen@gmail.com .

Drents ienakterfestival “Kört&Goed” op 1 april in Hoogeveen

Kaortverkoop finale in De Tamboer in Hoogeveen is begund
Streektaolorganisatie Huus van de Taol organiseert veur de veerde maol het Drentstaolige ienakterfestival Kört&Goed. Vief tenielgroepen streidt in theater De Tamboer in Hoogeveen um de hoogste eer. Wel wint het ienakterfestival in 2023? In 2019 was de veurige editie. Destieds wun tenielvereniging Crescendo oet Gieterveen.

Finale Hoogeveen op 1 april
Op zaoterdagaovend 1 april staot de vief ienakters in de Passagezaal van theater De Tamboer in Hoogeveen. Het publiek kreg tenielstukken te zien die tussen de 15 en 30 minuten lang bint.

Een deskundige jury zöt de tenielstukken veur het eerst en bepaolt an het ende van de aovend welke club de winnaor is van Kört&Goed 2023. In de pauzes zult de vrouwlu van zanggroep Dwarzz oet Emmen optreden.

Kaorten kost € 15,00 en kunt in de webshop van huusvandetaol.nl besteld worden en op de aovend zölf an de zaal kocht worden. Aanvang: 20.00 uur.

Foto: Anneke Bloema

Waorom?
Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers groots op bint en die de niet-gebroekers waardeert. Op het gebied van het toneel nemp het Drents een prominente plaots in. Veul verieniging in oeze provincie speult stukken in het Drents. Mensen als Herman van der Aa, Jan Veenstra, Ben ten Velde, Marga Kool, Erik Harteveld en Harm Dijkstra levert hieran een grote bijdrage. Het Huus van de Taol gef het speulen van Drentstalig teniel geern een extra drukkertie in de rug.

Sipke komt op stoom

Op tongersdei 16 febrewaris presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn gearwurking mei it Ir. D.F. Woudagemaal in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom. Skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Harmen van Straaten.

Der is wurk oan ’e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.

Woudagemaal

Sonja Hylkema, fan it Ir. D. F. Woudagemaal: ‘Fanwegen it sukses fan de Sipke-boekjes by ús yn de winkel kamen wy op it idee om in unyk Sipke-boekje oer it Woudagemaal te meitsjen. Wy ha doe kontakt opnaam mei de Afûk en frege oft dat mooglik wie. De Afûk wie fuortendalik entûsjast oer dat idee en hat kontakt socht mei útjouwerij Rubinstein en it fierder yn gong setten. Wy binne bliid dat it Lida Dykstra slagge is om in tige nijsgjirrich, ynformatyf en grappich boekje oer it Woudagemaal te meitsjen en ha der alle fertrouwen yn dat it in grut sukses wurdt.’

Presintaasje

De presintaasje fynt plak op tongersdei 16 febrewaris om 09.45 oere by it Ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer. DB-bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân – Annet van der Hoek – sil yn oanwêzichheid fan groep 5/6 fan CBS Eben Haëzer út Eastersee de earste twa eksimplaren oanbiede oan Wachtchef Rein Couperus en Wachtchef Marcel de Jong.

Boekgegevens

  • Sipke komt op stoom
  • Skreaun troch: Lida Dykstra
  • Yllustraasjes: Harmen van Straaten Utfiering: ynbûn
  • ISBN: 978 90 47629511
  • Ferkeappriis: € 9,99
  • www.afuk.nl
  • www.rubinstein.nl

Ried fan Europa kritysk yn 7e rapport

De Ried fan Europa hat it sânde rapport fan de Committee of Experts (ComEx) publisearre, oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch Nederlân. De Ried fan Europa stelt dat it brûken fan Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Romanes fersterke wurde moat. It rapport sjocht posityf nei de ûntwikkelings om it Papiamintu/o te erkennen en ropt op ta it taheakjen fan “taal” yn Nederlânske wetten oangeande lykweardige behanneling.

Kritysk

De ComeX hat noed oer it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de basisskoalle, en oer de ûntwikkelings op ‘e universiteit. Boppedat wiist de ComEx derop dat it Nedersaksysk en Limboarchsk op gjin inkeld ûnderwiisnivo in fêst plak hawwe. Oangeande it Frysk, ropt de ComEx op om drekst oan de slach te gean om de situaasje yn de rjochtbank te ferbetterjen, sadat it rjocht om it Frysk te brûken garandearre wurde kin. Wat media oangiet, ropt de ComEx op om it Nedersaksysk en Limboarchsk ta te heakjen oan ‘e Mediawet.

It gebou fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

Rapportaazje

De útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen wurdt periodyk hifke. De Comex hat dizze simmer op besite west om nei te gean oft Nederlân foldocht oan alle ôfspraken yn it Hânfêst en oft der sprake is fan foar- of efterútgong.

It folsleine rapport is hjir te finen.

Franeker Diktee, Trinus Riemersma-dei en Franeker Woordeboek nominearre foar Taalpriis Waadhoeke

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersma-dei en it Franeker Woordeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, útrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente – mei neist it Nederlânsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers – te fieren. De priis bestiet út in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.

De sjuery bestiet út trije minsken dy’t in protte mei taal en meartaligens dwaande binne: Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal en kultuer en meartaligens by Omrop Fryslân), Sannah Debreczeni (trainee Frysk en meartaligens by Provinsje Fryslân) en Gerard de Jong (meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke).

“’t Idee achter de jaarlikse taalpriis en taaldâg is ’t ferskiet an ôns talen te fieren en sien late hoefeul at d’r gebeurt an taalpromoasy en -inisjativen,” seit De Jong. “En dat is best slaagd. Wij hewwe soafeul mooie, inspirerende en orizjinele nominasys kregen; ’t waar ’n hele haister om d’r drie út te pikken.”

Nominaasjes

Ut alle ynstjoerings binne trije nominaasjes keazen dy’t kâns meitsje op de taalpriis:

  • It Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, foar it yn novimber 2022 hâlden Franeker Diktee;
  • de Academie van Franeker, foar “In dei mei Trinus Riemersma” (oktober 2022);
  • Wim Aalbers foar it skriuwen fan it Franeker Woordeboek, dat ein 2021 presintearre waard.

Feestlike jûn

De nominaasjes wurde taljochte en yn it sintsje set op tiisdei 21 febrewaris, yn de biblioteek fan Frjentsjer. Fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) is der in feestlik programma mei û.o. in meartalige pubkwis troch Douwe Gerlof Heeringa, en fansels de útrikking fan de taalpriis oan de winner, troch taalwethâlder Jan Dijkstra.

Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

Ferklearring Skriuwersbûn

As Skriuwersbûn binne wy bot skrokken fan de deadsbedrigingen oan ús Nederlânsktalige kollega Pim Lammers. It is skoan te begripen dat er him weromlutsen hat as dichter fan it ‘Kinderboekenweekgedicht’. Mar it ûnbegryp en de agressy dy’t him ta diel falt rekket ús as auteurs allegearre.

Skriuwers en dichters hearre yn alle frijheid beskriuwe te kinnen wat de ûnder minsken bart en barre kin. Yn ferhalen en gedichten giet it oer emoasjes en ûnderfinings fan echte minsken, bern en folwoeksenen. Ferhalen en gedichten kinne bydrage oan ferwurking, begryp, ferwûndering, fernuvering en hja liede somtiden ek ta ûnbegryp, argewaasje en sels lilkens. Dat is de treastende en de konfrontearjende funksje fan literatuer.

Lêze is ûnderfine, ûndergean, yn jin omgean litte, ferrast wêze, betiden huverje. Wannear’t dy huvering liedt ta haat tsjin de auteur, bart der wat slims. In maatskippij dy’t sokke haat tastiet, wêryn dat net korrizjearre wurde kin, ferkrampt, lit har wichtichste wearden fersleaukje, fertutearzet.

It minste wat alle skriuwers en lêzers dwaan kinne is iderkear wer fertelle wat de funksje fan de literatuer is. En dat dy funksje ûnmisber is foar in maatskippij dy’t plak ynrommet foar minsken – alle minsken.

Wa’t de moed even net opbringt om te skriuwen: dat is skoan te begripen. En foar it oare en de oaren: gjin belies jaan. Ferhalen betinke, dichtsje, rapportearje, spegels foarhâlde, sjen litte wat der yn en tusken minsken omgiet.

It Skriuwersbûn stiet folslein achter it artikel fan ús lid en berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen yn de LC fan 7 febrewaris. It is yntegraal werom te finen op ús webside: www.skriuwersboun.nl. En fanselssprekkend slute wy ús ek oan by de reaksjes fan de Auteursbond en PEN-Nederlân.

Nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ yn Obe by Tresoar

Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?

De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.

De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.

Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023. Terpstra: “Ik bin ferrast en fereare dat ik frege waard foar it Kadoboek fan 2023. It is foar my in grut kado om it te skriuwen en ik hoopje dat in soad lêzers der wille oan belibje sille. Ik kin noch neat oer de ynhâld fertelle, behalve dat it ûnderwerp grif in soad Friezen oansprekke sil.”

foto: Jacob van Essen

Yn 2009 debutearre Anita Terpstra (mei it famyljedrama ‘Nachtvlucht’. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek ‘Samen’ (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau Anita Terpstra ‘The Challenge’, in spannend boek foar jongeren, yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprogramma LêsNo. Ferline jier ferskynde fan Terpstra it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema.

Fryske Boekewike yn novimber 2023

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 3 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Fryske Boekewike, fan sneon 4 novimber o/m snein 12 novimber, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2023 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

Yn 2022 skreau Ferdinand de Jong it Kadoboek. Dêrfan gienen der yn de Fryske Boekewike 1.500 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân. It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.