Nij ferskynd by de Afûk: it printeboek ‘Pim en Pier’

Presintaasje printeboek Pim en Pier freed 24 maaie op SLS De Tijstream yn Holwert

Wy wolle jimme fan herten útnûgje foar de presintaasje fan it printeboek Pim en Pier. In waarm printeboek oer twa mantsjepinguins dy’t ôfgryslik graach tegearre in pykje ha wolle, skreaun troch Joke Scheffer, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

Oer it boek

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje útbriede wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?

Joke Scheffer (learkrêft basisûnderwiis, taalkoördinator en lêsspesjalist) skreau it boek nei oanlieding fan in krante-artikel oer twa mantsjepinguins yn in dieretún dy’t altyd byelkoar wiene. Op in dei foel it de oppassers yn de dieretún op dat se om ’e beurt probearren in stien út te brieden. Doe’t der in wyfkepinguin wie dy’t har aai net útbriede woe, besleaten de oppassers om it aai oan dy beide mantsjes ta te betrouwen. En it slagge harren om dat út te brieden!

Yllustrator Wim Swart soarge foar de fleurige tekeningen.

Programma

De presintaasje is yn hannen fan skriuwer Thys Wadman, yn it bywêzen fan groep 1, 2 en 3 fan De Tijstream. Lokaasje: SLS (Samenlevingsschool) De Tijstream, De Morgenzon 5c, 9151 KM Holwert.

  • 10.45     ynrin mei kofje
  • 11.00     presintaasje earste eksimplaar Pim en Pier
  • 11.30     hapke en drankje
  • 12.30     sluting

Boekgegevens ‘Pim en Pier

  • Auteur: Joke Scheffer
  • Yllustrator: Wim Swart
  • Utfiering: ynbûn, 36 siden
  • Leeftiid: 3-6 jier
  • ISBN 978-94-93318-33-5
  • Ferkeappriis: € 13,95
  • www.websjop.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *