Nij projekt fan de Ried fan de Fryske Beweging: Fan ûnderen op

De Ried fan de Fryske Beweging start in nij projekt: Fan ûnderen op. Dat spilet him ôf yn de doarpen en yn wiken fan gruttere plakken. Doel fan it projekt is dat we wat bewuster mei it Frysk omgeane, de taal bewust mear brûke. Troch faker Frysk te praten, kinne we mei-inoar foarkomme dat de taal yn de takomst ferlern giet. Ut ûndersyk blykt nammentlik dat we hieltyd minder Frysk prate en skriuwe. Sa stappe we bygelyks frij gau oer op it Hollânsk as immen ús yn dy taal te wurd stiet. We fine it wol sa aardich en fatsoenlik om ús oan te passen. Mar oerskeakelje op it Hollânsk is faak hielendal net nedich, om’t de measte minsken wol Frysk fersteane. Boppedat helpe we de net-Frysktaligen mei it learen fan de taal troch Frysk tsjin harren te praten.

Yn de doarpen en wiken dy’t oan it projekt meidogge wurde in pear jier lang alderhanne aktiviteiten organisearre, wêrtroch’t minsken prikele wurde Frysk te brûken. Tink bygelyks oan toanielstikjes, of in kuiertocht mei Fryske fragen en opdrachten. It is mar krekt hokker aktiviteiten in doarp oansprekke. Oan it begjin en de ein fan it projekt wurdt metten hoe’t it derfoar stiet mei it Frysk yn it doarp. De Universiteit fan Grins fiert dy mjitting út.

Yn de doarpen Aldtsjerk, Mûnein en Seisbierrum hawwe minsken al oanjûn graach mei te dwaan oan it projekt. It is de bedoeling dat hieltyd mear doarpen oanskowe. En sa meitsje we Fryslân stadichoan wat Frysker.

Liket it jo ek moai om mei jo doarp mei te dwaan en wolle jo mear ynformaasje, belje dan mei Jeltsje van der Schaaf, projektkoördinator, tillefoannûmer 0514-593589 of 06-42796566. In e-post berjochtsje stjoere kin ek: jeltsjevanderschaaf (at) hetnet.nl.

Boarne: Ried fan de Fryske Beweging

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *