Minysympoasium Keninklik Frysk Genoatskip en RUG Campus Fryslân: Polityk gewin giet troch de mage

Polityk gewin giet troch de mage: De betsjutting fan iten en drinken oan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw

Op tongersdei 8 juny 2023 organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip/Koninklijk Fries Genootschap yn gearwurking mei de RUG Campus Fryslân in duolêzing troch Iris Witzenburg en Herman van Vliet oer de rol fan iten en drinken yn de politike kultuer fan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw.

Iris Witzenburg
Iris Witzenburg giet yn op har ûndersyk nei hoe’t de Fryske stedhâlder Willem Frederik om 1650 hinne besocht syn macht te fergrutsjen troch ek iten en drinken yn te setten. In fleske wyn of wat parren wienen yn dy tiid net allinne mar bedoeld om yn kulinêre sin fan te genietsjen, dêr siet mear achter. Witzenburg helle yn 2022 har master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurket no as sjoernalist by Omrop Fryslân.

Herman van Vliet
Herman van Vliet giet dêr op fierder troch nei te gean hoe’t de kulinêre kultuer oan it stedhâlderlik hôf yn de earste helte fan de 18e iuw opbloeide. Fia trije persoanen dy’t oan it hôf fan Willem IV ferbûn wienen, in hortulanus, in sjef-kok en in hofdame, lit er sjen hoe’t de stedhâlder prestiizje ûntliende oan in goede ytkultuer. Van Vliet helle yn 2023 syn master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy is ûndernimmer en hâldt him as passyboer dwaande mei it ferkoartsjen fan ‘voedselketens’.

Programma:
15:30     Ynrin mei kofje/tee
16:00     Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG)
16:10     Iris Witzenburg: Eten en politiek ging hand in hand bij Friese stadhouder Willem Frederik
16:40     Herman van Vliet: De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof van stadhouder Willem IV
17:10     Fragen en diksusje
17:30     Sluten en in drankje

Plak: Auditorium Campus Fryslân, Wirdumerdijk 34, 8911 CE Ljouwert
Fiertaal lêzingen: Nederlânsk (yn diskusje ek Frysk en Ingelsk mooglik)
Oanmelde: fóár 5 juny 2023 op info@friesgenootschap.nl (tagong fergees)

Yvonne Cornax en Jos Kasten nei in bestuur Huus van de Taol

Yvonne Cornax en Jos Kasten bint toetreden tot het bestuur van Stichting Huus van de Taol in Beilen.

Cornax warkt as marketingstrateeg bij Marketing Drenthe. As kind van een Friese mamme en een Grunningse pappe gruide ze op in Overiessel, studeerde ze in Braobant en Gelderlaand en nou woont ze al dartien jaor in Paais: ‘Ik kan Fries, Gronings, Drents, Sallands en Brabants verstaan, maar mijn dialect is een gekke mengelmoes van al die talen’.

Kasten woont in Beilen en warkt as bedriefsadviseur. Op dit moment is ze undermeer directeur-bestuurder bij stichting ToReCo (Toeristisch Recrecatief Coevorden): ‘Graag werk ik als bestuurslid mee aan het behoud van onze streektaal, dat zo van invloed is op onze Drentse cultuur’.

Renate Snoeijing, directeur van het Huus van de Taol: ‘De kennis en ervaring van dizze beide vrouwlu kuw goed gebruken bij het Huus van de Taol. Wij bint er dan ok wies met dat ze ja zegd hebt tegen een bestuursfunctie bij oes’.

Bestuurslid Gezienes Evenhuis oet Emmen hef nao acht jaor zien functie as bestuurder neerlegd. Het Huus van de Taol wil hum stief bedanken veur alles wat e veur de streektaolorganisatie daon hef.

Huus van de Taol
Het Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers groots op bint en die de niet-gebroekers waardeert.

Online begjinnerskursus yn it fêstelân Noardfrysk

Fan tongersdei 25 maaie ôf biedt de Friisk Foriining in wyklikse begjinnerskursus yn it fêstelân Noardfrysk (Bökingharder Frasch – Mooring) oan. Elke tongersdei fan 16.00 oant 17.30 oere kin elkenien mei in kompjûter en fluch ynternet meidwaan oan de lessen by de Noardfryske toaniel- en filmmakker Gary Funck, mits motivearre en ree om te wurkjen.

doelgroep

De doelgroep binne minsken yn en bûten Noard-Fryslân dy’t graach út eigen hûs wei Frysk leare wolle, mar dat net sûnder echte dosinten en klassegenoaten dwaan wolle. De kursus is rjochte op sawol begjinners sûnder foarkennis fan it Frysk as op sprekkers fan oare Noardfryske dialekten lykas Fering of Sölring dy’t it fêstelânsk Noardfrysk leare wolle.

kursus en frijbliuwende ynlieding

De online kursus rint oant de simmerfakânsje (net op feestdagen) en is in fergees oanbod fan de Friisk Foriining, de Noard-Fryske susterorganisaasje fan de Fryske Rie. Ynstallaasje en basiskennis fan ‘e Zoom-sesjesoftware binne ferplichte om mei te dwaan. Alle nedige dokuminten wurde levere as tekstbestannen. Foar dyjingen dy’t der noch net rjocht út binne oft sy meidwaan wolle, is der op 11 maaie om 16.00 oere in frijbliuwende ynlieding.

Registraasjes en fragen oan: info@friiske.de

lês mear

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer

Underweis op ’e fyts fan syn wenplak Goaiïngea nei syn wurk as muzyklearaar oan pabo ‘De Him’ yn Snits betocht Hindrik van der Meer faak de teksten foar de berneferskes dy’t er skreau foar de Fryske skoalradio. En dy ferskes waarden omraak songen, want wa is der net grut wurden mei Bijke, Kees Kikkert, Flip flap flinterke… en al dy oare ûnferjitlike ferskes.

berneferskes
Yn de rin fan de jierren ferskynden de ferskes yn ferskate boeken, Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpen grottenbrij (1980), Retteketet tsjyng boem (1992) en De bisteboel fan omke Roel (2011, mei ferhalen fan Thys Wadman en nije arranzjeminten fan Kees van der Meer). By dy boeken ferskynden respektyflik ek elpees, kassettebantsjes en cd’s. No binne de ferskes te belústerjen fia Spotify, mar se wiene net mear yn boekfoarm te krijen. Dêr is no feroaring yn kommen.

lieten ferbine
Op it sympoasium en sjongfeest dat ein april foar him en syn frou organisearre waard yn Tresoar joech Hindrik van der Meer oan dat er noed hat dat it hieltyd minder wurdt mei it meielkoar sjongen en spyljen: “Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden.”

bisteferskes
Yn dizze nije Kwek kwek minemyn is in samling fan de bekendste bisteferskes byelkoar brocht, mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar!
Hindrik van der Meer (1938) hat hûnderten (berne)lieten komponearre en krige yn 2009 de Fryske Anjer foar syn grutte fertsjinsten foar de Fryske kultuer, benammen op it mêd fan de muzyk.

Boekgegevens
Kwek kwek minemyn
Auteur: Hindrik van der Meer Yllustraasjes: Aizo Betten
Utfiering: ynbûn Tal siden: 48
ISBN: 978 94 9331 8045
Ferkeappriis: € 18,95
websjop.afuk.frl

Finalisten Drèents Liedtiesfestival 2023 bekend!

Veur de elfde maol organiseert Stichting REUR het Drèents Liedtiesfestival. Dit songfestival zörgt der veur dat der een brieder anbod komp van neie Drèentstaolige kwaliteitsmeziek.

Stichting REUR mak zuch stark veur de Drèentstaolige meziekcultuur in de bredte en brengt daormet de ansluting tot staand van het Nedersaksisch en Drèents bij aandere (inter-)nationale minderheidstaolen.

finalisten

Stichting REUR vruug alle mezikaanten en tekstschrievers weer um heur beste mezikale bien veur te zetten en liedties in te sturen. Nao het sluten van de inzendtermien hef een beoordielingskemmissie 20 inzendings beoordield en de oeteindelke finalisten oetkeuzen. De finalisten van het DLF23 bint:

Titel:Artiest:Tekst:Meziek:
Argens underwegEmileEmile BoerEmile Boer
PlaggehutNoordwaartsJohnny van WijkBand Noordwaarts
SelahBertine SnippeBertine SnippeGerwin Jutstra
(De ballade van) Teunis WietDréents GrøsBert HilbertsBert Hilberts
Als de wolv’n kommenWerilt  (Gijs-Peter Kuijpers)Gijs-Peter KuijpersGijs-Peter Kuijpers & Ruud Hermans
Tot de zun uut gietLisa HarmsR. Keuter, D. Hendriks, R. PrinsR. Keuter, D. Hendriks, R. Prins
Geef het even wat tiedMarianne VeenstraMarianne VeenstraMarianne Veenstra / Niels Lingbeek
Kom dans met mijMadelon HeijnenE. Heijnen, M. HeijnenMickey Bakker
Zo’n kerel as hijSister SisterR. Keuter, D. Hendriks, E. FunkeR. Keuter, D. Hendriks, E. Funke
Loeiende sirenesMarjolein SchepersGeert Leurink & Harro WimmenhGeert Leurink & Harro Wimmenhove

finale

De finale van het Drèents Liedtiesfestival is op 18 mei 2023 in het ATLAS Theater in Emmen en wordt LIVE oetzunden op RTV Drenthe. Rick Hilberts -winnaar van DLF22- komp zien winnende liedtien ‘Vallende sterren’ nog een maol zingen en zal de pries deurgeven an de winnaar van de 2023-editie.

De winnaar van de finale wint een geldbedrag van € 2000,- um te besteden an het opnimmen en oetbrengen van zien of heur winnende liedtien en zal het Nedersaksisch vertegenwoordigen op het Euoprees Songfestival veur Minderheidstaol tiedens het Suns Europe festival in Udine later dit jaor.

boekpresintaasje nije edysje Freeska Landriucht

De Fryske Akademy en de Vrije Universiteit hjitte jo fan herte wolkom foar de boekpresintaasje fan de earste moderne edysje mei Ingelske oersetting fan Freeska Landriucht of Druk op moandeitemiddei 8 maaie yn Tresoar yn Ljouwert.

Freeska Landriucht
Om 1485 hinne waard de iuwenâlde samling fan it Aldfryske rjocht printe, foar in part datearjend út ‘e 11e iuw. Dizze ynkunabel waard bekend ûnder de namme Freeska Landriucht of Frysk Lânrjocht. Yn de tekst waarden ek Latynske glossen opnommen, mei ferwizings nei it Kanonike en Romeinske rjocht, in tradysje dy’t yn ‘e 13e en 14e iuw ûntstien wie.

nije útjefte
Dizze maitiid presintearje dr. Han Nijdam (Fryske Akademy), prof.em.mr. Jan Hallebeek en prof.mr.dr. Hylkje de Jong (Vrije Universiteit Amsterdam) in nije útjefte fan it Freeska Landriucht, nammentlik de earste krityske edysje mei in Ingelske oersetting: ‘Frisian Land Law. A Critical Edition and Translation of the Freeska Landriucht’. 
It boek is no al te keap, en is ek beskikber as in open access E-book (fergees te downloaden). 

Boekpresintaasje
It earste eksimplaar wurdt op moandei 8 maaie oanbean oan prof.dr. Jan Willem Sap. Sap is as rjochtsgelearde ferbûn oan de Vrije Universiteit Amsterdam, mar is ek de pakesizzer fan Prof.dr. Klaas Fokkema, heechlearaar Frysk, dy’t yn 1967 hommels ferstoar wylst er noch oan it wurk wie oan in edysje fan Freeska Landriucht. It wie al kommen ta in earste prinktkladde fan útjouwerij Martinus Nijhoff, dy’t de rige ‘Oudfriese Taal- en Rechtsbronnen’ fersoarge.

De nije edysje, dy’t no lang om let in feit is, is útbrocht by de ynternasjonale útjouwerij Brill, yn de rige Medieval Law and Its Practice. It is moai om te witten dat ûnderwilens Martinus Nijhoff in imprint wurden is fan Brill

mear ynformaasje en oanmelding: hjir

Mercatorlêzing 3 maaie

Professor Anne Pauwels (SOAS University of London) hâldt op woansdeitemiddei 3 maaie in lêzing oer ‘Exploring multilingual soundscapes in the city’ yn it gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. Jo binne fan herte wolkom. De lêzing sil yn it Ingelsk wêze en is fergees tagonklik. It begjint om 15:30 oere, nei ôfrin binne jo útnûge foar in hapke en drankje. Graach oanmelde fia de e-mail!

Mear ynformaasje

Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start!

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht.

dichtwedstriid

De dichtwedstriid is yn 2013 yn it libben roppen om Gysbert Japicx (Frysk skriuwer en dichter, 1603-1666) syn namme en syn wurk libben en yn eare te hâlden. Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t er de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal is.

Foar skoallen is it mooglik om in online-lesprogramma te folgjen, mar ek is it mooglik om in edukatyf meiwurker út te nûgjen op skoalle om mei elkoar oan de slach te gean mei it meitsjen fan Fryske gedichten.

Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. Ek sille de skoallen meidwaan dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt, in projekt dêr’t bern ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein: as it mar in Frysk gedicht is!

meidwaan
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De sjuery, dy’t dit jier bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur Fryslân), Wybo Smids (Frysk akteur) en Tjitske van Dijk (skriuwster lesmateriaal Afûk), makket de kar fan it úteinlik winnende gedicht 2023.

Elbrich Ouderkerken: Winnaar Lytse Gysbert Japicxpriis 2021. Foto door Haye Bijlstra.

útrikking

De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert en wurdt útrikt troch Petra van den Akker, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De priis wurdt útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis, dé priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk troch Deputearre Steaten fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en oanmelde op www.tresoar.nl/lytse-gysbert

Limburgs moet dezelfde status krijgen als het Fries

Het Limburgs moet dezelfde status als het Fries krijgen om te zorgen dat de overheid haar rol als voortrekker van Limburgs taalbeleid vervult en als beschermer en promotor van de taal actie onderneemt en adequate financiering beschikbaar stelt.

Dat is de oproep in de open brief gestuurd aan het Limburgs Parlement van de samenwerkende Limburgse taalorganisaties gebundeld in het Hoes veur ’t Limburgs. De organisaties roepen het parlement op het Limburgs als speerpunt in het coalitieakkoord op te nemen om te zorgen dat het Limburgs met al zijn dialecten niet verloren gaat.

Europees Handvest

De organisaties willen dat de Limburgse overheid in onderhandeling gaat met de nationale overheid en samen met de taalorganisaties en maatschappelijke partners een aanvraag voor Deel III erkenning van het Limburgs onder het Europees Handvest opstelt vóór 1 december 2024. Het Fries heeft deze erkenning al en binnenkort ook het Papiaments. Alhoewel het Limburgs 25 jaar geleden onder Deel II van het Handvest is erkend blijkt dat een verdere erkenning noodzakelijk is om te zorgen dat de overheid in actie komt om de taal te beschermen en promoten.

Convenant Limburgs

Dit jaar wordt ook met de nationale overheid onderhandeld over een nieuw Convenant. De organisaties willen dat de provincie en de nationale overheid in dat Convenant nu al sommige van de meest urgente zaken regelen, zoals het gebruik van het Limburgs als klassikale voertaal naast het Nederlands in de kinderopvang, een prominentere plaats voor het Limburgs als voertaal in de regionale media, samenwerking met de Limburgse gemeenten voor een lokaal plan van aanpak om het Limburgs te stimuleren en tweetalige plaatsnaamborden in de provincie.

Hoes veur ’t Limburgs

De Limburgse taalorganisaties gebundeld in het Hoes veur ’t Limburgs wijzen het Limburgs Parlement erop dat het van groot belang is dat de overheid nu zonder verder uitstel maatregelen neemt om de Limburgse taal met al haar dialecten te normaliseren en stimuleren om ervoor te zorgen dat de taal in deze en de komende generaties niet verloren gaat.

Deze open brief aan het Limburgs Parlement is ondertekend door alle samenwerkende Limburgse taalorganisaties die hun krachten gebundeld hebben in het Hoes veur ’t Limburgs.

Raod veur ’t Limburgs, Limbörgse Academie, Veldeke Limburg, Levende talen Limburgs, Willy Dols Stichting, Vereniging voor Limburgse Dialect- en Naamkunde, het 3M-project en Prof. De. L. Cornips (bijzonder hoogleraar Taalcultuur in Limburg aan de Universiteit Maastricht).

Studiedag Levende Talen Nedersaksisch op 9 juni op Mañana Mañanafestival

De sectie Nedersaksisch van onderwijsvereniging Levende Talen organiseert op vrijdag 9 juni een studiedag tijdens het Mañana Mañanafestival in het Gelderse Laren. Levende Talen Nedersaksisch biedt tijdens deze studiedag een kijkje in de keuken van het streektaalonderwijs, daarnaast krijgen bezoekers van de studiedag een dag lang gratis toegang tot het festival, inclusief rondleiding achter de schermen. Opgave is noodzakelijk.

Streektaalonderwijs

Hoe bied je streektaalonderwijs aan in groep 3? En wat voor meerwaarde heeft het Nedersaksisch voor MBO-studenten? Is het mogelijk om streektaal in mijn lessen Nederlands of Duits op te nemen? Op de brede studiedag van Levende Talen Nedersaksisch is er voor iedereen die streektaal wil inzetten in de les wat te halen: bestaand lesmateriaal, mogelijkheden voor implementatie van streektaal in de les en contact met organisaties die gastlessen kunnen verzorgen en ondersteuning bieden bij het vormgeven van onderwijs in en over de streektaal.

deelname

Leden van Levende Talen Nedersaksisch kunnen gratis deelnemen aan deze studiedag, niet-leden zijn van harte welkom. Zij kunnen die dag voor de helft van de prijs lid worden van Levende Talen, waarmee lid zijn van een belangenbehartiger van talendocenten én een vakbond. Daarnaast heeft Levende Talen ieder jaar diverse studiedagen en krijg je als lid ook LT Magazine en LT Tijdschrift op de mat. Levende Talen is op dit moment een belangrijke gesprekspartner in de vakvernieuwing van talenonderwijs in opdracht van het ministerie van OCW.

Om je op te geven voor 9 juni stuur dan een mail . Meer informatie over LT Nedersaksisch op Mañana Mañana is hier te vinden.

Mañana Mañana

Mañana Mañana is een festival van De Feestfabriek en biedt met haar programma de krenten uit de pap van de internationale muziekwereld. In de afgelopen jaren heeft De Feestfabriek van zich laten horen in het streektaalonderwijs met voorleesboeken in de streektaal en de app Van Old naor Jong, een samenwerking met de Rijksuniversiteit Groningen.