Admiraliteitsdagen krije in ynternasjonaal tintsje

Foto: Marit Anker
Foto: Marit Anker

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.

Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Der binne ek keunstwurken te bewûnderjen fan 7 keunstners út de ferskillende regio’s dy’t meidien hawwe oan in útwikselingsprojekt fan Tosta. Neist de ynternasjonale komponint is der binnen it Tosta-festival ek folop romte foar eigen aktiviteiten en regionaal talint. “In poadium biede foar regionaal talint stie al in skoft op ús winskelistke”, seit Jan Michiel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen. “No kinne wy dêr mei-inoar in goede ynfolling oan jaan. It mes snijt dus oan twa kanten.” Vellinga heakket dêr oan ta dat it Tosta-festival foar de Afûk ek in moaie opmaat is nei Kulturele Haadstêd 2018 en de plannen dy’t se hawwe foar it grutte evenemint ‘Lân fan Taal’. Vellinga: “Moaier kin hast net!” Continue reading “Admiraliteitsdagen krije in ynternasjonaal tintsje”

Veurnaem boek over de Drentse schrieveri’je: ‘Waor roet en onkruud wortel schiet in ’t veld’

provinciehuis02Vri’jdag 13-5-2016 wodde in et Drentse perveensiehuus dr. Henk Nijkeuter zien vervolg op de Geschiedenis van de Drentse literatuur, 1816-1956 prissenteerd. Et is aldereerst veur geïnteresseerden in de eigen Drentse literetuur van groot belang, mar ok de naobers mit interesse kun netuurlik mooie info vienen. Stellingwarver schrievers bi’jglieks hadden in de beschreven tied riegelmaotig literaire kontakten over de Drentse greens. Et boek omvaemt dik 500 blz. en ok daoromme is et veural een naoslagwark. Et beschrift de tied van nao WO II, mit as eerste onderwarpen de pesisie van streektaelliteretuur, de literaire kritiek en de literetuurgeschiedschrieving nao 1945. Dan komt de tiedrekte van 1947 tot 1979 in ’t volle locht. In 1947 zette et bekende Drents genootschop uut aende, en daor kwam ok de emaansipaosie van de Drentse schrieveri’je mit op glee. In 1956 wodde et streektaeltiedschrift ‘Oeze Volk’ opricht. Van stonde of an kwammen d’r meer boeken in et Drents. De schrievers wollen daor ok heur overtuging mit uutdregen. In perf. Hendrik Entjes zien ogen was et gebruuk van streektael doe om zien te laoten dat die tael wardering verdiende (lezing, 1966). In 1979 ontston et tiedschrift ‘Roet’. Dat rekende of mit ‘et oolde’ en was uut op echte literetuur. De alderlaeste jaoren kuj’ bepaold zien dat de Drentse literetuur leeft, neffens Nijkeuter.

Dippeteerde Henk Jumelet kreeg et eerste exemplaor uut hanen van Anne Doornbos, veurzitter van et ‘Huus van de Taol’. De perveensie bleek de komst van et boek ommeraek te warderen; Jumelet zee o.e. dat Drenthe behalven ‘et Huus’ ok aander wark veur et Drents beslist ondersteunen blieven zal. Hooglerer Friese tael- en letterkunde Goffe Jensma gaf vervolgens zien prakkesaosies over et boek in ’t verbaand van ‘kleine litereturen’. ‘Het Drentse boek’ is de uutgever; pries: € 29,50.

Tongersdei 21 april Fryske Twitterdei! #Frysk

Frysketwitter1

‘This is my language!’ #TIML2016

No tongersdei 21 april is it wer feest op Twitter! Fan moarns betiid oant jûns let meitsje wy der wer in feestje fan op social media! Dochsto ek mei? Tsjek de spesjale Twitterdei-side!

Dit jier dogge ek allegear oare lytsere talen mei oan de Twitterdei! Organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall hawwe al tasein dat se mei ús meidwaan sille. En om it ynternasjonale tintsje tidens dizze Twitterdei krêft by te setten, brûke wy allegear de hashtag #TIML2016: ‘This is my language’! Sa litte wy oan de rest fan ‘e wrâld sjen wêr’t in lytse taal grut yn wêze kin!

Meidwaan is hiel simpel: skriuw in Fryske tweet en brûk de hekstek #Frysk en #TIML2016! Net mear, net minder 🙂 En folgje ús fansels op Twitter fia @PraatmarFrysk om op ‘e hichte te bliuwen! Continue reading “Tongersdei 21 april Fryske Twitterdei! #Frysk”

Tij, taoide, tide

coop-zuivelfabriekDe Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Oare Wurden/Beste Hitzak (beide projekten fan Donostia-San Sebastián Kulturele Haadstêd 2016) .

In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief en jo kinne yn ‘e kunde komme mei de skriuwers dy’t meidogge oan it Other Words-projekt: Réaltán Ní Leannáin en André Looijenga.

Oan dizze middei dogge mei: Nuala Ní Fhlathúin, Réaltán Ní Leannáin, André Looijenga, Elmar Kuiper, Peter van Lier, Simon Oosting, Sigrid Kingma, Wies Noest, De Tigers fan Greonterp, Kaneli & Smit en Skelectief. Partners: Afûk, Tresoar, DSS2016, LWD2018.

De tagong is fergees!

Tide, taoide, tij
17 april, 14.00 – 16.00 oere
Suvelfabryk Marrum
Hearewei 2A, Marrum

Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt: www.tosta2016.eu. Mear ynformaasje oer Other Words: www.oarewurden.frl.

De Fryske literatuer as neilittenskip fan Gysbert Japix

Dei fan ’e Fryske Letterkunde:
De Fryske literatuer as neilittenskip fan Gysbert Japix

gysbert-wobbelkeOp freed 7 oktober 2016 is it 350 jier lyn dat it testamint fan ’e ‘Fryske Shakespeare’ Gysbert Japix foarlêzen waard. De Fryske Akademy grypt dy gelegenheid oan om yn Ljouwert de earste Dei fan ’e Fryske Letterkunde te organisearjen. De dei wurdt iepene troch klassikus en dichter Piet Gerbrandy, dy’t in lêzing hâlde sil oer de fraach wat oft Gysbert Japix de hjoeddeiske lêzer te bieden hat. Gerbrandy is ferneamd troch syn dichtwurk en syn ûnderhâldende essees en besprekken oer poëzij en oer de literatuer fan ’e âlde Griken en Romeinen.

De Dei fan ’e Fryske Letterkunde wol net allinnich in poadium wêze foar it fersprieden fan kennis oer de Fryske literatuer en letterkunde, mar ek in gelegenheid om it netwurk te ferstevigjen, sawol fan kenners fan ’e Frysktalige letteren as kenners fan Nederlânske of oarstalige letteren. Op ’e Dei is ek romte foar diskusje oer hoe’t de kennis fan Fryske literatuer ferbrede en grutter makke wurde kin.

It folsleine programma sil oer in wikemannich op www.fryske-akademy.nl/letterkundedei publisearre wurde.

Yn ’e Dei fan ’e Fryske Letterkunde arbeidzje de Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat Frysk en meartaligens fan ’e NHL Hegeskoalle mei-inoar op. It fynt plak yn it ramt fan it 350ste betinkingsjier Gysbert Japix.

Boarne: Fryske Akademy

21 Febrewaris: “Dei fan de memmetaal” – ek foar flechtlingen en asylsikers?

For the English version of the text, scroll down.

8495219567_679f057b13_zYn 1952 kamen de ynwenners yn Bangladesh yn ferwar tsjin it ferbod de eigen memmetaal te brûken yn it ûnderwiis en it iepenbiere libben. Op 21 febrewaris fan dat jier wie der in grutte demonstraasje dy’t fjouwer studinten it libben koste hat. Sûnt 1999 hâldt de Unesco dy dei yn eare as “ynternasjonale dei fan de memmetaal”. Gjin niget, dat ek yn Fryslân krekt yn dizze wike in oantal taal-aktiviteiten plakfûn hat: Frysk heart no by de earste hûndert talen yn Google Translate. De Baskyske film ‘Amama’ is fertoand mei ûndertiteling yn it Frysk én it Ingelsk. De gemeente Het Bildt freget om offisjele, nasjonale en Europeeske erkenning fan it Biltsk as regionale taal yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling ta de nije gemeente Waadhoeke. It doel is net om it Biltsk of it Frysk op te sluten op eigen hiem, mar krekt om de bern en de grutte minsken fan de eigen feilige taalsitewaasje wei in kâns te bieden op evenwichtige meartaligens: thús mei de eigen talen en op de hiele wrâld mei Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Arabysk en sa mear. Continue reading “21 Febrewaris: “Dei fan de memmetaal” – ek foar flechtlingen en asylsikers?”

De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.

De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de perioade maart- april sil de keunstner fiif wiken wurkje oan in performance keunstwurk fanút de âlde suvelfabryk yn Marrum. Hy sil ûnder oaren ûndersyk dwaan nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis op in hiel eigen wize ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst. Dara Mac Aoidh togra le paistí2

Fanút Fryslân sil keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall wurkje. Har plan ‘Grûn’ bestiet út in fideo performance ynstallaasje wêrby’t de sân minderheidstalen dy’t meiinoar oparbeidzje yn it TOSTA-projekt sintraal stean.

De einwurken sille toand wurde op it reizgjend TOSTA-festival dat fan maaie oant en mei septimber by de sân gearwurkjende TOSTA-regio’s delgiet en fan 1-4 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum oandwaan sil. De seis oare regio’s binne: Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân en Cornwall. Continue reading “De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.”

Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren

De Fryske ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun krijt dit jier foar it earst in junioredysje. Om de bern waarm te meitsjen foar it skriuwen sil skriuwster Lida Dijkstra gastlessen jaan op skoallen yn Koudum, Balk en Wommels. Folwoeksenen dy’t mear witte wolle oer it skriuwen fan in koart ferhaal kinne in workshop folgje by skriuwer Koos Tiemersma. It is de fjirde kear dat de Fryske ferhalewedstriid organisearre wurdt. Corporate-story-schrijven

Der binne seis prizen: trije foar de bêste junior- en trije foar de bêste seniorferhalen.
Alle seis winnende ferhalen wurde publisearre yn it Frysk Deiblêd. Boppedat kiest de sjuery, dy’t bestiet út Lida Dijkstra, Yvonne Dijkstra en Koos Tiemersma ien ferhaal út, dêr’t Omrop Fryslân in ferfilming fan makket. Dy film wurdt begjin juny as rige útstjoerd yn telefyzjeprogramma Bynt. Continue reading “Fryske ferhalewedstriid fan Skriuwersboun no ek foar junioaren”

‘Provinsje moat skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje’

Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes
Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes
De beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal is foar Friezen de grutste drompel om it Frysk net, of minder faak, te brûken op sosjale media. Dat konkludearret Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy yn har ûndersyk nei de taalkar fan Friezen op sosjale media. Jongbloed presintearre har ûndersyk op tongersdei 3 desimber oan deputearre Sietske Poepjes.

Earder hat Jongbloed ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Foar it ferfolchûndersyk hat se no, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, in grutte enkête holden en ferskate djipteynterviews dien ûnder Friezen fan alle leeftiden. Har rapportaazje Friezen op sosjale media jout in byld fan hoe’t Frysktaligen, jong en âld, omgean mei harren memmetaal op sosjale media. Sa wurdt it Frysk hjir neffens Jongbloed krekt wat makliker brûkt troch jongeren as troch âlderen; it Frysk fan jongeren is faker fonetysker as dat fan âlderen. Continue reading “‘Provinsje moat skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje’”

Papiaments in het Europees Parlement

“Bon dia, danki pa ta aki”. Zo begon Ruben Severina afgelopen donderdag 26 november zijn voordracht in het Europees Parlement in Straatsburg. Voor een publiek van Europarlementariërs van de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages vertelde hij over het Papiaments, legde hij uit welke bedreigingen er op Bonaire zijn voor het Papiaments en onderstreepte hij wat hij verwachtte van de Intergroup. Severina sprak de Europarlementariërs toe als voorzitter van SPLIKA, maar ook namens de op Bonaire gevestigde Akademia Papiamentu. Deze twee organisaties vormen samen met Dushi Papiamentu van Bonaire, Fundacion Lanta Papiamento van Aruba en Instituto Alsa Papiamentu van Curaçao het Platform Papiamentse Unie. Continue reading “Papiaments in het Europees Parlement”