Fryske Boekewike

De Fryske Boekewike set dit jier útein mei it Boekefeest yn ‘Hof van de Koning’ op It Hearrenfean op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’, skreaun troch Ferdinand de Jong, is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske Boeken by jo boekhannel.

De Oarloch fan Jan Snip – Ferdinand de Jong. Utjouwer: Bornmeer.

Frysk Boekefeest

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom

In libbensreis yn ferhalen en muzyk

Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.

It programma duorret twa kear 45 minuten mei in healoere skoft. By alle optredens fan Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra binne de nijste Fryske boeken te keap.

Boeken fan Fryslân

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal.

Mear ynformaasje oer de Fryske Boekewike en aktiviteiten is hjir te finen.

Presintaasje The Last Crossing – De lêste oerstek mei skriuwer Brian McGilloway

It spannende Noard-Ierske boek The Last Crossing is oerset yn it Frysk. Skriuwer Brian McGilloway út Belfast is freedtejûn 14 oktober te gast by It Skriuwersbûn op “Nieuw Allardsoog” yn Bakkefean. Tegearre mei oersetster Ammerins Moss-de Boer bepraat hy it suksesfolle boek dat no ek te ferkrijen is yn it Frysk: “De lêste oerstek”.

McGilloway en Moss-de Boer sille prate oer har bining mei Nothern Ireland, oer it plak fan “the troubles” yn it wurk fan McGilloway, oer de kar foar in thriller mei maatskiplike djipgong. Wat betsjut de bining mei de regio foar de skriuwer en foar ús? Wat moat de literatuer oan mei in ferdielde regio fol minsken dy’t elkoar sa skeind hawwe?

“In djipsinnich, oandwaanlik en moreel kompleks boek”

“Alwer in útsûnderlike roman fan ien fan de masters fan de Ierske misdaadliteratuer”

“In meislepend ferhaal oer ferlies en skuld yn in brutsen maatskippij. In prachtich skreaun boek dat jin lang bybleaut”

“Ast Noard-Ierlân begripe wolst, of eltse maatskippij dy’t konflikten trochmakke hat, set dit boek dan op dyn list… It is foartreflik skreaun”

Sa loovjend is de Ingelsktalige parse. Martsje de Jong bespruts it boek (“bysûnder, prachtich, spannend, taast jin yn it moed”) op Omrop Fryslân.

De jûn op 14 oktober begjint om 19:30 oere, op “Nieuw Allardsoog” yn Bakkefean. Tagong is €10,-

Wa’t sin hat om derby te wêzen kin har of him oant en mei 13 oktober opjaan fia bestjoer@skriuwersboun.nl.

“De lêste oerstek” wurdt útjûn troch ‘Elikser

‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!

Dit jier ferskynt yn de nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it
Kinderboekenweekgeschenk. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting
makke fan it Kinderboekenweekgeschenk 2022 ûnder de titel: ‘Healwize beamhutferhalen,
oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

It Kinderboekenweekgeschenk is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustrator Terry Denton bekend fan de populêre ‘De waanzinnige boomhut’-rige. Yn de
Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap
fan op syn minst €12,50 oan Fryske boeken.

De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Lês-mar-foar-wiken feestlik ôfsluten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl ôfsletten mei de foarstelling ‘Tomke syn pyamadei’ fan Geartsje Douma yn de biblioteek fan Grou.

Yn totaal binne der tidens de Lês-mar-foar-wiken mear as 25.000 Tomke-boekjes útdield oan Fryske pjutten. Yn de Stellingwerven binne dêrneist noch 1000 Stellingwerfske boekjes útdield. Tagelyk wiene der de hiele moanne septimber nije Tomke-útstjoeringen op Omrop Fryslân te besjen en wiene der flochs fan Tjitsfloch oer de ferskes en ferhaaltsjes út it Tomke-boekje. By de Fryske biblioteken koene bern nei foarstellings fan Tomke-skriuwster Geartsje Douma, sjongeres Janneke Brakels en De Vertellende Piano.

Foto: Hippe kiek fotografie by Sjoeke

‘Wy sjogge werom op in prachtige en suksesfolle earste edysje fan de Lês-mar-foar-wiken’, seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Earder waarden de foarlêsaktiviteiten en in nij, fergees Tomke-boekje foar alle Fryske pjutten byelkoar brocht yn de Fryske Foarlêswike, mar om’t de organisaasje feroare is, wie it ek de tiid foar in nije namme en opset.’ Yn 2023 binne der yn septimber wer de Lês-mar-foar-wiken mei fansels in nij Tomke-boekje en in hiel soad leuke foarlêsaktiviteiten foar pjutten.

De Lês-mar-foar-wiken binne in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS. Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne Opfang (SFBO) soargje foar promoasje en fersterking.

Earste DINGtiidlêzing: ’30 jier Europeesk Hânfêst: driuwsân of dûnsflier?’


Op 5 novimber 2022 is it presys 30 jier lyn dat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûndertekene hat. It Europeesk Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte. Mar is dat fûnemint driuwsân of in dûnsflier?

Sprekkers
Bestjoerskundige Prof. dr. Heinrich Winter (Fakulteit Rjochtsgeleardheid, Ryksuniversiteit Grins) analysearret de takomstbestindigens en de stevichheid fan it Europeesk Hânfêst. Hat dat nei 30 jier noch genôch besteansrjocht as ynstrumint ta beskerming en befoardering fan de Fryske taal?

Underwiisekspert Albert Walsweer (Lektoraat Taalgebrûk en learen, NHL Stenden) reagearret op de lêzing fan Heinrich Winter. Hy giet neier yn op de wurking fan it Europeesk Hânfêst yn de ûnderwiispraktyk.

Programma

DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, hjit jo op sneon 5 novimber 2022 om 10.00 oere fan herte wolkom op de DINGtiid-lêzing yn Grand Café De Koperen Tuin (Prinsentuin 1 yn Ljouwert).

It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei middeisiten.

• Wolkom troch Jan Koster (DINGtiid)
• Lêzing Heinrich Winter
• Reaksje Albert Walsweer
• Plenêre diskusje
• Middeisiten

Oanmelde

Graach foar freed 21 oktober 2022 oanmelde fia dit online oanmeldformulier.

Fiering Europeeske Dei fan de Talen

Wy sjogge werom op in moaie middei om de Europeeske Dei fan de Talen, European Day of the Languages, te fieren op 26 septimber.

Taalynklusyf ûnderwiis stie yn de skynwerpers mei sprekkers Hilda Heyde en Janke Singelsma fan de Rutu Foundation en Lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid (NHL Stenden Hegeskoalle ).

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma skreau in gedicht spesjaal foar dizze dei en muzyk klonk der fan Grunneger Troebadoer Jan Henk de Groot.

Fiering Europeeske Dei fan de Talen

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlân en Europa

Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en trûbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poëzy en muzyk.

Meartalige learomjouwing

Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklúzje fan talich ferskaat op ’e (basis)skoalle. Heyde sil it projekt ‘Language Friendly Schools’ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek ‘Talenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijs’ presinstearje.

Dichter fan Fryslân en Grinzer muzyk

It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poëzy en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dy’t sy  fansels foardrage sil. Grinzer trûbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.

Europeeske Dei fan de Talen

Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Wolkom

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15:00 oere en om 15:30 oere set it programma útein. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.

Lokaasje: Gysbert Japicxseal, Tresoar. Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Graach sjogge wy jo opjefte temjitte by it sekretariaat fan it EBLT fia dit formulier

Grut Foarlêsfeest ôftraap foar ‘Lês-mar-foar-wiken’

Fan 5 oant en mei 30 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn
Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje dat fan ‘t jier it tema ‘thús’ hat. Nei it foarlêzen op de
pjutte-opfang krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dêrnjonken is it boekje de hiele moanne fergees te krijen by de biblioteken en konsultaasjeburo’s.

Nije namme, selde doel
Omdat de organisaasje feroare is, is de namme ‘Fryske Foarlêswike’ feroare yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Net mear ien wike yn juny, mar de hiele moanne septimber wurdt der no yn it Frysk
foarlêzen. Wat ek nij is, is dat alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra yn july in foarlêspakketsje krigen ha. Mei dat pakketsje kinne foarlêzers harren alfêst tariede op de Lês-mar-foar-wiken.

Grut Foarlêsfeest
Sneon 3 septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken feestlik ôftrape mei in Foarlêsfeest. Alle pjutten binne dy dei wolkom by Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Fan 10.00 oant 15.00 binne dêr allegear leuke aktiviteiten om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne: foarlêzen, sels lêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… Kaartsjes foar it feest binne te krijen fia paviljoenmem.nl.

Nij Tomke-boekje
It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’ en sit wer grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en
gedichtsjes. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer ferhúzje, in pyamadei en plakhúskes. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Nij Keimpe-boekje
Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar de âldere bern (4-8 jier) leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear. It boekje hjit ‘Nei bûten!’. Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl.

Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Sa kinst wekker wurde yn ‘e sliepkeamer fan Tomke, mei de muzikale foarstelling ‘Us hûs!’ fan Janneke Brakels. Of kom nei in foarstelling fan Geartsje Douma, dan giest yn dyn pyama nei de biblioteek om mei Tomke en Kornelia in
pyamafeestje te hâlden. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Dat is hjir ek te krijen!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’
Fan 5 septimber ôf binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje, yn it programma ‘Tsjil’ by Omrop Fryslân. Nij dit jier: op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren!

De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep. Sjoch foar mear ynformaasje oer alle festiviteiten yn de Lês-mar-foar-wiken op Tomke.frl.

28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen: Fearkrêft fan 14-16 septimber

Fan 14-16 septimber hat de Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen plak yn Ljouwert. It tema fan dizze ynternasjonale konferinsje is mei it tema ‘Fearkrêft’

Fearkrêft

It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standert grammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer. 

Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld? Ek no sjogge wy ûntwikkelings, bygelyks binnen it ûnderwiis mei it ambisjeuze Taalplan 2030 en de opkomst fan technologyske tapassings lykas spraakwerkenning en –synteze foar lytse talen.

Men kin tinke oan de yntegraasje fan lytse of minderheidstalen yn it meartalich ûnderwiis, sawol binnen it foarskoalsk ûnderwiis as basis-, fuortset ûnderwiis en oant ûnderwiis oan folwoeksenen. De útdagings dêr’t lytse talen tsjinoan rinne as sy spraak- en/of taaltechnologyske tapassings ûntwikkelje wolle komme oan bod

Sprekkers

De haadsprekkers op de konferinsje fan trije dagen binne Barbara Gross (Free University of Bozen-Bolzano en Goethe-University Frankfurt), Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität Kiel), Joep Leerssen (Universiteit van Amsterdam) en Odette Scharenborg (TU Delft). It folsleine programma is hjir te finen.

Publyksmiddeis en Akademydei

Op ‘e tongersdeitemiddei is der in publyksmiddei en op ‘e freedtemiddei is it de Akademydei en wurdt de 84ste Dies Natalis fan de Fryske Akademy fierd. Dy beide middeis binne fergees tagonklik (tagong foar de moarns ynklusyf drinken en middeisiten is €45,-). 

Organisaasje

De organisaasje fan de Konferinsje yn hannen fan de Fryske AkademyMercator European Research CentreNHL Stenden University of Applied SciencesUniversity Groningen en University Groningen / Campus Fryslân. Boppedat wurdt der gearwurke mei de Fryske Rie y.f.m. it Ynterfrysk Kongres mei in sympoasium op 17 septimber, yn Dokkum.

Lokaasje en opjefte

De konferinsje hat plak yn Ljouwert, yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert. In passe-partout is €160,- of €100,- mei studintekoarting.

Op Conference on Frisian Humanities kinne jo jo (oant 1 septimber) opjaan foar de aktiviteiten en mear ynformaasje fine oer de konferinsje, sprekkers, programma, ensafh.