11 novimber is de dei… de earste Fryske Freed!
Op freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed.
It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.
Doch ek mei op #FryskeFreed
Dêrom roppe wy partikulieren, bedriuwen en organisaasjes – jim dus! – op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in byienkomst of aktiviteit dy’t hielendal yn it Frysk plakfynt by in bedriuw, of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of inoar Fryske wurden leart. Mar kinst ek tinke oan in begroeting yn it Frysk, it jaan fan koarting of in fergees drankje as in klant wat yn it Frysk by dy bestelt óf lear dyn bern in Frysk Sint Marten-ferske dat se op 11 novimber sjonge kinne. Alles kin! Wês kreatyf en diel it mei ús fia #FryskeFreed.
#FryskeFreed
Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) ek op allerhanne manieren fia ús social media-kanalen sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten lykas nammen op gevels, wurden op ‘e muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist sette wy alle moannen op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed.
Diel ideeën en foto’s
Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Bygelyks Frysk dat no al sichtber is by jim yn de buert. Stjoer ús in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com of lit it ús witte fia ús social media-kanalen:
Fryske Freed-aginda
11 novimber 2022, 9 desimber 2022, 13 jannewaris 2023, 10 febrewaris 2023, 10 mrt 2023, 14 april 2023