Fan it boek De Letterfretter is no ek in kwartet makke, by de Afûk. It is in moai en tagelyk tige learsum spultsje. Der binne mar leafst 14 kwartetten te meitsjen fan elk 4 kaarten mei itselde lûd, lykas de ô, de oa, de ea, de ú en de ii. Elk kwartet fan 4 kaarten foarmet mei-elkoar ek wer ien fan de ôfbyldingen út it boek. Der kin dus ek noch mei puzzele wurde!
It Letterfretter-kwartet is foar €9,95 te keap yn de Afûk-winkel en websjop. Wolst it boek De Letterfretter ek noch keapje? Bestel dan no it boek tegearre mei it nije kwartetspul foar de kombypriis fan € 26,50.
Dit jier is it 150 jier lyn dat Nederlân slavernij offisjeel ôfskafte. In soad Friezen assosjearje slavernij mei it westen fan Nederlân, mar dat kloppet net. Ek yn Fryslân binne nammentlik spoaren fan dizze pynlike skiednis te finen. Yn de kolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar binne ferskate boarnen dy’t ús mear oer it Fryske slavernijferline fertelle. Fan 21 juny is op GeschiedenisLokaal Fryslân lesmateriaal by dy boarnen beskikber foar it basis- en fuortset ûnderwiis.
Oant foar koart waard slavernij sjoen as in kwestje dêr’t Fryslân net folle mei te krijen hie, dat stêden as Amsterdam en Middelburg in gruttere rol spile hawwe yn it slavernijferline fan Nederlân. Mar ek yn ús provinsje fynst spoaren werom fan it slavernijferline. Gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea, en argyfstikken en museale objekten yn ús argyfynstellingen en musea dogge tinken oan dit pynlike ferline.
Skilderij fan Fryske stedhâlders – te sjen yn it Stedhâlderlik Hôf Ljouwert (ôfbylding: Tresoar)
Slavernijferline tichter by Fryske learlingen
It is belangryk om de kennis en bewustwurding fan dit erfgoed yn ús direkte omjouwing te fergrutsjen. Dêrom hat it digitale boarneplatfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân it inisjatyf nommen om – yn gearwurking mei NHL Stenden Hogeschool Ljouwert – it slavernijferline tichter by Fryske learlingen te bringen. Studinten fan de Pabo en de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen, dêr’t learlingen ûndersyk yn dogge nei spoaren yn en histoaryske boarnen oer de omjouwing dêr’t se alle dagen yn rinne, fytse of scooterje.
Lansearring nij lesmateriaal
Al it nije lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline wurdt woansdei 21 juny by in presintaasje lansearre en is dan beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân. De presintaasje is yn Tresoar, fan 15.30 oant 17.30 oere. It programma begjint mei sprekkers oer it bewustwurden fan it slavernijferline yn Nederlân, Fryslân en it ûnderwiis. Ta beslút wurdt it nije lesmateriaal troch de studinten sjen litten.
Nei in wikenlange ynset fan de Putsjeploech, Schildersbedrijf Haarsma en ús eigen team fan de Folkshegeskoalle is it Bopperom sa goed as klear.
nije Bopperom
It is in oaze fan rêst en gesellichheid, en boppe-al in plak foar moeting. De prachtige designtafels fan KILO Amsterdam, de hearlike sithoeke om de iepen hurd hinne en de plantewand meitsje it nije Bopperom hielendal ôf. De Folkshegeskoalle ferwolkommet elkenien graach wer yn ús fernijde húskeamer!
Fergaderje en moetsje yn it Bopperom
It Bopperom is in plak foar moeting. De seal hat plak foar maks. 60 man en is lykas ús oare sealromten te boeken foar groepen. De romte is gaadlik foar saaklike meetings, gearkomsten, bedriuwskursussen of famyljedagen. De Folkshegeskoalle fersoarget graach kofje, tee en lekkers.
Fasiliteiten:
Smart presintaasjeskerm
Lûdsynstallaasje
Pantrykeuken mei bar en kuolkast
Dakterras mei sinne
Iepen hurd
Eigen toiletten
Folskhegeskoalle
De Folkshegeskoalle Schylgeralân is in moetingsplak foar jong en âld. En in plak dêr’t minsken op ien of oare wize oan har ûntwikkeling wurkje kinne. In ferbliuws- en foarmingssintrum op in prachtich plak yn de Skylger bosk. We hawwe eigen kursussen, ûntfange famyljes, bedriuwen, skoallen en yndividuele gasten.
Op dunderdag 18 mei 2023 vun de elfde editie plaots van het Drèents Liedtiesfestival. In de finale in het ATLAS Theater in Emmen kreeg Lisa Harms met het liedtien ‘Tot de zun uut giet’ de mieste stemmen bij de verscheiden vakjury’s. Het Drèents Liedtiesfestival wordt organiseerd deur de Stichting REUR. Dit jaor bestun de tv-vakjury uit Jason Staal, Lars Koehoorn en Iris Kroes.
Met heur winst krig Lisa Harms € 2000,- um heur winnende liedtien op een professioniele wieze op te nimmen en oet te brengen en zal zie later dit jaor dielnimmen an het Europees Songfestival veur Minderheidstaolen op het Suns Europe festival in Udine, waor zie het Nedersaksisch vertegenwoordigen zal. Nei dit jaor is dat Lisa ok Drenthe vertegenwoordigen zal op het Regio Songfestival. De dartien regionale, peblieke umroepen organiseert samen een Regio Songfestival. De allereerste editie wordt op 4 november in Utrecht holden.
Zundagmiddag 21 mei is in de hervörmde kark van Eext het veerde diel in de Underwegreeks van schrievers/samenstellers Gerrit Boer en Henk Berghuis prissenteerd. Dit diel stiet schriever en taolwever Egbert Hovenkamp II centraal.
Op zien geboortegrond dreug Egbert Hovenkamp II oet eigen wark veur en kun het anwezige publiek lustern naor de meziek van Bert Hadders. Gerrit Boer en Henk Berghuis maakten een wandelroute in Eext en Eexterhalte, met het wark van Hovenkamp II as leidraod.
Egbert Hovenkamp II stiet bekend as schriever en taolwever, maor vertaolde daornaost ok teksten van Bob Dylan. Veurig jaor was zien vertaling van Winterreise van Schubert underdiel van de opvoering van meziektheaterstuk Kolde Tocht.
Foto: Huus van de Taol
De Underweg-wandelroute kuj op de website van streektaolorganisatie Huus van de Taol vinden, alle dielen bint daor veur 5 euro ’t stuk te downloaden. Um de maond komp der een diel bij, tot nou toe is der een route bij de schrievers Klaas Kleine (Diever), Peter van de Velde (Rowol), Roel Reijntjes (Rune) en Egbert Hovenkamp II (Eext).
Het Drentse Boek is de oetgeverij van streektaolorganisatieHuus van de Taol, de organisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor gebroekers wies met bint en die de niet-gebroekers wardeert.
Op sneon 24 juny organisearret de Fryske Akademy en it Seeltersk-Kontoor in sympoasium oer it Sealterfrysk, de ‘Tag der Saterfriesen/ Dai fon do Seelter’. It hat plak yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh) yn Sealterlân en is ornearre foar in breed publyk. It kongres is fergees tagonklik.
Oer it Sealterfrysk
It Sealterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn Sealterlân, in streek dy’t tusken Oldenburch en Papenburch te finen is. It Sealterfrysk is in taal dy’t swier bedrige is. Der binne noch in foech 1000 – 1500 sprekkers.
Programma
It programma wikselet publykslêzingen ôf mei aktiviteiten fan de Seelter Buund, lykas in kwis, in sketch, folksdûnsjen en sjongerij fan skoalbern. Út Mercator wei sil Katharina Thomas in lêzing jaan, en Bouke Slofstra (Lingua Slofstra) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy) steane lyksa op it program. De dei, dy’t fergees tagonklik is, wurdt ôfsletten mei in lêzing yn de Johanniterkapel. It programma kinne jo hjir besjen (pdf).
Sealterfryske grammatika
Op dit stuit is de Fryske Akademy dwaande mei de produksje fan in Ingelske grammatika fan it Sealterfrysk. It projekt wurdt foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). It giet hjir om in jiersubsydzje, dêr’t de Fryske Akademy yn 2021 en 2022 ek al de hân op lei, yn gearwurking mei Henk Wolf (Oldenburgische Landschaft). It projekt wurdt útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Earder al wurken hja oan de Dútsktalige grammatika fan it Sealtersk, de Sprachlehre des Saterfriesischen 2022.Â
Kleurplaoten en puzzels oet het streektaoltiedschrift levert 5 winnaars mooie priezen op
Vleden meertmaond is bij het veurleesproject van streektaolorganisatie Huus van de Taol tiedschrift Wiesneus weer naor de basisschoelen bracht. Zo kunden kinder in Drenthe zuch vernuvern met Drentse verhaolen, gedichten, puzzels en ok een kleurplaot. Oet de inzendingen van de kleurplaot en oplössingen van de puzzels hef de jury de winnaars keuzen.
winnaars De woordzuker har as oetkomst de zin ‘Is streektaal praoten een kuunst’. De pries veur de goeie oplössing giet naor Meira Westerveen van basisschoel De Eskampen oet Paais.
De diagrampuzzel har as oetkomst ‘varfdeuze’. Dat wus Kaj Sok oet Nijevene ok, daorveur kreg ok hij een mooie pries. Veur de kleurplaot hef de jury drei winnaars keuzen: Eva Gils van De Eshorst in Beilen, Hugo Pekelder van de Eshoek in Annen en Tina oet groep 8 van De Weidebloem in Hoogeveen hebt met heur kunsten een pries wunnen. Prieswinnaars kriegt via de schoel bericht.
Digitaal is alles over het tiedschrift ok te vinden op www.wiesneus.nl, op dizze website kan het hiele jaor deur speulenderwies Drents leerd worden.
Wiesneus 2021
Huus van de Taol HetHuus van de Taolis de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers wies met bint en die de niet-gebroekers wardeert.
Polityk gewin giet troch de mage: De betsjutting fan iten en drinken oan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw
Op tongersdei 8 juny 2023 organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip/Koninklijk Fries Genootschap yn gearwurking mei de RUG Campus Fryslân in duolêzing troch Iris Witzenburg en Herman van Vliet oer de rol fan iten en drinken yn de politike kultuer fan it Fryske stedhâlderlik hôf yn de 17e en 18e iuw.
Iris Witzenburg Iris Witzenburg giet yn op har ûndersyk nei hoe’t de Fryske stedhâlder Willem Frederik om 1650 hinne besocht syn macht te fergrutsjen troch ek iten en drinken yn te setten. In fleske wyn of wat parren wienen yn dy tiid net allinne mar bedoeld om yn kulinêre sin fan te genietsjen, dêr siet mear achter. Witzenburg helle yn 2022 har master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurket no as sjoernalist by Omrop Fryslân.
Herman van Vliet Herman van Vliet giet dêr op fierder troch nei te gean hoe’t de kulinêre kultuer oan it stedhâlderlik hôf yn de earste helte fan de 18e iuw opbloeide. Fia trije persoanen dy’t oan it hôf fan Willem IV ferbûn wienen, in hortulanus, in sjef-kok en in hofdame, lit er sjen hoe’t de stedhâlder prestiizje ûntliende oan in goede ytkultuer. Van Vliet helle yn 2023 syn master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy is ûndernimmer en hâldt him as passyboer dwaande mei it ferkoartsjen fan ‘voedselketens’.
Programma: 15:30 Ynrin mei kofje/tee 16:00 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG) 16:10 Iris Witzenburg: Eten en politiek ging hand in hand bij Friese stadhouder Willem Frederik 16:40 Herman van Vliet: De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof van stadhouder Willem IV 17:10 Fragen en diksusje 17:30 Sluten en in drankje
Plak: Auditorium Campus Fryslân, Wirdumerdijk 34, 8911 CE Ljouwert Fiertaal lêzingen: Nederlânsk (yn diskusje ek Frysk en Ingelsk mooglik) Oanmelde: fóár 5 juny 2023 op info@friesgenootschap.nl (tagong fergees)
Yvonne Cornax en Jos Kasten bint toetreden tot het bestuur van Stichting Huus van de Taol in Beilen.
Cornax warkt as marketingstrateeg bij Marketing Drenthe. As kind van een Friese mamme en een Grunningse pappe gruide ze op in Overiessel, studeerde ze in Braobant en Gelderlaand en nou woont ze al dartien jaor in Paais: ‘Ik kan Fries, Gronings, Drents, Sallands en Brabants verstaan, maar mijn dialect is een gekke mengelmoes van al die talen’.
Kasten woont in Beilen en warkt as bedriefsadviseur. Op dit moment is ze undermeer directeur-bestuurder bij stichting ToReCo (Toeristisch Recrecatief Coevorden): ‘Graag werk ik als bestuurslid mee aan het behoud van onze streektaal, dat zo van invloed is op onze Drentse cultuur’.
foto Jos Kasten (l): Renske Klewerwal Fotografie; foto Yvonne Cornax (r): Tim van der Kuip (Bureau Apart)
Renate Snoeijing, directeur van het Huus van de Taol: ‘De kennis en ervaring van dizze beide vrouwlu kuw goed gebruken bij het Huus van de Taol. Wij bint er dan ok wies met dat ze ja zegd hebt tegen een bestuursfunctie bij oes’.
Bestuurslid Gezienes Evenhuis oet Emmen hef nao acht jaor zien functie as bestuurder neerlegd. Het Huus van de Taol wil hum stief bedanken veur alles wat e veur de streektaolorganisatie daon hef.
Huus van de Taol Het Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers groots op bint en die de niet-gebroekers waardeert.